Springe nei ynhâld

Star Trek: Lower Decks

Ut Wikipedy
Star Trek: Lower Decks
tillefyzjesearje
makkers
betocht troch Alex Kurtzman
ûntwikkele troch Mike McMahan
útfierend
   produsint
Alex Kurtzman
Heather Kadin
Rod Roddenberry
Trevor Roth
Katie Krentz
Mike McMahan
tillefyzjestudio CBS Eye Animation Prod.
Scret Hideout
Important Science
Roddenberry Entertainment
Titmouse, Inc.
spilers
haadrollen Tawny Newsome
Jack Quaid
Noël Wells
Eugene Cordero
Dawnn Lewis
Jerry O'Connell
Fred Tatasciore (seiz. 1)
Gillian Vigman
skaaimerken
foarm tekenfilmsearje
sjenre science fiction-
   komeedzjesearje
seizoenen 2
jierren 2020 – no
tal ôfl. 20
spyltiid (ôfl.) 25 min.
lân/lannen Feriene Steaten
taal Ingelsk
webside www.cbs.com/shows/star-trek-lower-decks
besibbe searjes The Original Series
The Animated Series
The Next Generation
Deep Space Nine
Voyager
Enterprise
Discovery
Picard
Prodigy
Strange New Worlds

Star Trek: Lower Decks is in komyske science fiction-tekenfilmsearje foar folwoeksenen yn it ramt fan Star Trek. It is binnen dy mediafranchise de njoggende tillefyzjesearje, de twadde tekenfilmsearje (nei Star Trek: The Animated Series út 'e 1970-er jierren) en de earste komeedzjesearje. De titel betsjut: "Stjerretocht: De Legere Dekken". De searje folget in stikmannich bemanningsleden mei de leechste rang yn ûnderstypjende funksjes op 'e USS Cerritos, ien fan 'e minst wichtige romteskippen fan 'e Stjerrefloat. De earste ôflevering fan it earste seizoen kaam begjin augustus 2020 beskikber fia de streamingtsjinst CBS All Access. It twadde seizoen sil fan augustus 2021 ôf te sjen wêze fia Paramount+. Mids 2021 is der al in trêde seizoen yn produksje.

Yn juny 2018, nei't er de showrunner (tillefyzjeprodusint mei de deistige lieding) wurden wie fan 'e Star Trek-searje Star Trek: Discovery, tekene Alex Kurtzman in fiifjierrich kontrakt mei de CBS Studios om 'e mediafranchise fan Star Trek út te wreidzjen mei ferskate nije tillefyzjesearjes, minysearjes en tekenfilmsearjes. Foar de ûntwikkeling fan 'e earste tekenfilmsearje, dy't foar folwoeksenen bedoeld wie en in komeedzjesearje yn 'e geast fan The Simpsons en Family Man wurde moast, waard troch Aaron Baiers fan Kurtzman syn tillefyzjestudio Secret Hideout Mike McMahan by yn it projekt behelle, dy't earder in soartgelikense searje, Rick and Morty, betocht hie. Star Trek: Lower Decks waard neitiid ûntwikkele op basis fan in konsept dat troch McMahan útwurke wie. De searje waard by ferskate platfoarms en tillefyzjenetwurken oanbean, foar't er oppikt waard troch CBS All Access, de streamingtsjinst fan it tillefyzjenetwurk CBS.

Op 25 oktober 2018 bestelde CBS All Access twa seizoenen fan Star Trek: Lower Decks. De searje waard produsearre troch CBS Eye Animation Productions, de nijfoarme tekenfilmstudio fan CBS, yn gearwurking mei Secret Hideout, Roddenberry Entertainment, Important Science en Titmouse, Inc. Mike McMahan wie as senarioskriuwer yn 'e produksje fan 'e searje behelle, mar ek as útfierend produsint, njonken betinker Alex Kurtzman en Heather Kadin fan Secret Hideout, Rod Roddenberry (de soan fan Star Trek-betinker Gene Roddenberry) en Trevor Roth fan Roddenberry Entertainment en Katie Krentz fan CBS Eye Animation Productions.

Star Trek: Lower Decks is de njoggende tillefyzjesearje fan 'e Star Trek-franchise, mar de twadde tekenfilmsearje (nei Star Trek: The Animated Series út 1973-1974) en de earste komeedzjesearje. It earste seizoen bestie út tsien ôfleverings mei in spyldoer fan elts 25 minuten. De earste ôflevering kaam op 6 augustus 2020 beskikber foar streaming fia CBS All Access. De tsiende en lêste ôflevering ferskynde op 8 oktober fan dat jier. De produksje fan it twadde seizoen fan Star Trek: Lower Decks rûn troch de koroanafiruspandemy fertraging op, mar sil fan 12 augustus 2021 ôf te sjen wêze fia Paramount+. Yn april 2021 waard opdracht jûn ta de produksje fan in trêde seizoen.

Utgongspunt fan 'e plot

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Trek: Lower Decks spilet nei Star Trek: Picard, en begjint yn it jier 2380. Oan board fan 'e USS Cerritos, ien fan 'e minst wichtige romteskippen fan 'e Stjerrefloat fan 'e Feriene Federaasje fan Planeten wurdt in groepke ofsieren fan 'e leechste rang folge. De swarte Beckett Mariner (ynsprutsen troch Tawny Newsome) is in faandrich dy't it net sa nau mei de regels nimt en dêrom al ferskate kearen yn rang weromset is. Hja is de dochter fan kaptein Carol Freeman (Dawnn Lewis) fan 'e USS Cerritos, mar dat is in famyljerelaasje dy't se allebeide leaver geheim hâlde. Freeman siket oanhâldend nei in stekhâldende reden om Mariner oerpleatse te litten nei in oar skip.

Mariner har freonen binne faandrich Bradward "Brad" Boimler (Jack Quaid), dy't krekt alle regels oant yn detail folget; faandrich D'Vana Tendi (Noël Wells), in Orionese dy't heech opsjocht by de Stjerrefloat en alles dêr't dy organisaasje foar stiet; en faandrich Samanthan "Sam" Rutherford (Eugene Cordero), in minske dy't wenne moat oan in nij masinaal ymplantaat dat in cyborg fan him makke hat. Fierders spylje in rol: kaptein-luitenant Jack Ransom (Jerry O'Connell), de earste ofsier fan 'e USS Cerritos; luitenant Shaxs (útspr.: [ʃæks], likernôch: "sjeks") (Fred Tatasciore), it ekstreem agressive Bajoraanske haad befeiliging oan board fan 'e USS Cerritos; en T'Ana (Gillian Vigman), de Caitiaanske skipsdokter, dy't kundich mar net bot oangenaam selskip is.

personaazje akteur/aktrise
faandrich Beckett Mariner Tawny Newsome
faandrich Bradward "Brad" Boimler Jack Quaid
faandrich D'Vana Tendi Noël Wells
faandrich Samanthan "Sam" Rutherford Eugene Cordero
F.l.n.rj.: akteur Jerry O'Connell, produsinten Mike McMahan, Heather Kadin en Alex Kurtzman en akteurs Tawny Newsome en Jack Quaid by in parsekonferinsje oer Star Trek: Lower Decks op 'e San Diego Comic-Con fan 2019.
personaazje akteur/aktrise
kaptein Carol Freeman Dawnn Lewis
kaptein-luitenant Jack Ransom Jerry O'Connell
luitenant Shaxs Frad Tatasciore (seizoen 1)
dokter T'Ana Gillian Vigman

Weromkearende byrollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
personaazje akteur/aktrise
luitenant Andy Billups Paul Scheer

Opmerklike gastrollen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
personaazje akteur/aktrise
O'Connor Haley Joel Osment
de Drookani-kaptein J.G. Hertzler
faandrich Fletcher Tim Robinson
Badgey Jack McBrayer
Q John de Lancie
Clar Kurtwood Smith
kaptein William T. Riker Jonathan Frakes
kaptein-luitenant Deanna Troi Marina Sirtis
seizoen tal ôfl. rûn fan rûn oant streamingtsjinst
1 10 6 augustus 2020 8 oktober 2020 CBS All Access
2 ? 12 augustus 2021 noch ûnbekend Paramount+
3 ? noch ûnbekend noch ûnbekend noch ûnbekend

Untfangst en resultaat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e tillefyzjekritisy krige Star Trek: Lower Decks mingde reäksjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat it earste seizoen fan 'e searje in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 40 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't it grappich is, mar net botte drystmoedich, draait Lower Decks it spul neffens de Star Trek-tradysjes krekt genôch om dat de searje opfalt binnen de franchise, mar net yn it bredere tekenfilmsearjelânskip." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet it earste seizoen fan Star Trek: Lower Decks in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 17 resinsjes.

It earste seizoen waard nominearre foar trije Critics' Choice Super Awards, yn 'e kategoryen bêste animaasjesearje, bêste stimakteur yn in animaasjesearje (Jack Quaid) en bêste stimaktrise yn in animaasjesearje (Tawny Newsome).

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
Star Trek
 
tillefyzjesearjes
live-actionsearjes Star Trek:  The Original Series (1966–1969) • Star Trek: The Next Generation (1987–1994) • Star Trek: Deep Space Nine (1993–1999) • Star Trek: Voyager (1995–2001) • Star Trek: Enterprise (2001–2005) • Star Trek: Discovery (2017–20??) • Star Trek: Short Treks (2018–20??) • Star Trek: Picard (2020–20??) • Star Trek: Strange New Worlds (2022–20??)
tekenfilmsearjes Star Trek: The Animated Series (1973–1974) • Star Trek: Lower Decks (2020–20??) • Star Trek: Prodigy (2021–20??)
 
filmsearje
op basis fan Star Trek: The Original Series Star Trek: The Motion Picture (1979) • Star Trek II: The Wrath of Khan (1982) • Star Trek III: The Search for Spock (1984) • Star Trek IV: The Voyage Home (1986) • Star Trek V: The Final Frontier (1989) • Star Trek VI: The Undiscovered Country (1991)
op basis fan Star Trek: The Next Generation Star Trek: Generations (1994) • Star Trek: First Contact (1996) • Star Trek: Insurrection (1998) • Star Trek: Nemesis (2002)
reboot-filmsearje Star Trek (2009) • Star Trek: Into Darkness (2013) • Star Trek: Beyond (2016)